Webside ‘De Strampel’ krijt in soad besite!

door

in

Grou, tongersdei 22 augustus 2013

De webside fan ‘De Strampel’ krijt in soad ‘visits’.

Yn it ûndersteande tabeltsje steane de gegevens fan de moanne augustus oant en mei de 21e. De 20e augustus spant mei 153 besites de kroan.  Dat soe wolris te krijen hawwe kinne mei de flaaksrispinge.  Op 10 augustus krije we publisiteit yn it FD en de LC. Ek de Omrop berjochtet oer de flaaksrispinge. Snein 11 augustus lit ek in aardige skoare sjen, nammentlik 85 besites. Ek de oare wearden foar de 11e augustus binne heech!

Fan ús webbouwer haw ik heard dat Google (en miskien ek wol oare sykmasines) frij regelmjittich op websiden omstrúnt/omstrune  om data te sammeljen. Soks ‘fersmoarget’ de oantallen ‘visits’ wol wat, mar dochs kinne we oannimme dat de webside in relatyf grutte populariteit by ús 63 leden en ‘tredden’ hat.

Stat.geg.webside aug 2013