Wer alve flechters derby

door

in ,

Dokkum/Grou, 28 jannewaris 2020

Fan de Kooistra’s út Dokkum krigen wy dit ferslachje mei foto tastjoerd.

Saterdei 25 jannewaris hienen wy 11 man oer de flier dy’t by ús it einekoerflechtsjen leare woenen. Nei de kofje binne we los gien, yn it begjin noch wat ûnwennich mar stadichoan krigen de mannen de smaak te pakken.

Al mei al een prachtdei mei in hiel gesellige ploech.

Eltsenien krige de koer klear en gie op ‘e ein fan de dei mei in selsmakke koer nei hûs ta

Groetnis út Dokkum fan Bouwe en Hendrik Kooistra

De 11 grutske flechters mei haren learmasters