Wêrom sjogge we no gjin jerken?

door

in

Grou, 18 septimber 2019

Om fûgels te herkennen is de tiid nei it briedseizoen net de maklikste tiid. In soad fûgels binne oan it ferfearjen: se krije in nij fearrekleed. Dêrtroch binne se no kwetsber foar rôvers. Net net frjemd dus, dat se harren in soad ferskûlje. En lûd meitsje se ek hast net. In kwetsbere fûgel wol fansels net tefolle opfalle en boppedat hoecht der gjin territorium ferdigene te wurden.

En wêrom sjonge as it pearjen net oan ‘e oarder is. Koartsein; yn de tiid fan it ferfearjen sjogge we folle minder fûgels. De fûgels dy’t we wol sjogge, sjogge der faak wat suterich út of lykje al hielendal net op de fûgels sa’t we dy kinne. Seker einen binne nei it briedseizoen dreech útelkoar te hâlden.

Skyn bedriget!

Tidens it ferfearjen tinke in soad minsken dat de jerken der net mear binne. Wol begryplik; hast nearne sjogge wy de opfallende griene koppen fan de jerken fan de wylde ein. En it liket wol oft de eintsjes krekt yn tal tanommen binne. Hoe sit dat? Gelokkich is der net in soad oan ’e hân. In soad fan dy eintsjes binne nammentlik net wa’t se lykje…
De jerken dy’t yn it pearseizoen der moai en opfallend útsjogge, ha no in uterlik dat sterk op dat fan de eintsjes liket.

De giele snaffel ferriedt dat dit in jerke is.

Eklips

In fersin is dus gau makke! Dochs binne de mantsjes en de wyfkes noch wol te ûnderskieden. Yn tsjin stelling ta dy fan de wyfkes, is de snaffel fan de jerken ienkleurich giel. De wyfkes ha in donker plak op de snaffel, dy’t boppedat meastentiids oranje kleuret. Ek is de kleur fan de boarst fan de mantsjes no wat mear readbrún mei in minder dúdlike tekening. Dit kleed wurdt it eklipskleed neamd. No’t it net mear nedich is om op te fallen om wyfkes oan te lûken, krije de mantsjes wer in skutkleur.

Skeve ferhâldings

Lykas sein binne de jerken dus net ferdwûn. Dochs is der in ferskil yn it oantal jerken en eintsjes. Mar dat ferskil; is krekt ’yn it foardiel’ fan de jerken! It is net krekt bekend hoe’t komt, mar by ferskate einesoarten binne der mear mantsjes as wyfkes. En dy ferhâlding liket aloan briker te wurden.
Wierskynlik ha eintsjes in gruttere kâns om te stjerren by it brieden ofde soarch foar de jongen. De oarsaken binne dus noch alhiel dúdlik, mar it is wol wat om yn de gaten te hâlden.

Flak foar it briedseizoen is de jerke wer op syn moaist

In hagelnije outfit

Hoewol’t de einen stadichoan troch de ferfearringsperioade hinne komme binne, sille se de kommende tiid noch wol wat grau der útsjen. Úteinlik krije se harren skoandere fearren, it prachtkleed, wer werom. Oan ’e ein fan de winter, flak foar it briedseizoen, binne de jerken wer op syn moaist. En hooplik binne se dan wer kleurryk genôch om genôch ynddruk te meitsjen op de eintsjes.

Bron: Vogelbescherming Nederland

De einekoerflechters fan De Strampel binne al wer drok dwaande mei de tariedings fan it nije briedseizoen 2020 om de eintsjes alle gerak te jaan foar it soargjen fan neigeslacht.

Fan jagers hearre we dat sy yn it jachtseizoen besykje de jerken te sjitten en de eintsjes mei rêst te litten om sa it lykwicht werom te krijen.
Sommigen har hjir muoite mei en freegje harren ôf oft de natuer dit sels op ‘e duer net regelet…