Wintermerk Nes

door

in

Nes/Grou, 9 desimber 2023

Op in soad plakken is yn desimber in krystmerk of in wintermerk. Sa ek yn Nes (NEF). Op fersyk fan de organisaasje fan’ ‘Winterfest Nes’ wie De Strampel op sneon 9 desimber mei trije minsken oanwêzich yn de (kâlde) kassen fan kwekerij Keegstra.

It waard wol in lange sit fan 13:00 oant 19:00 oere

Winterfest wie ûnderdiel fan ‘Winter-BROED’, in evenemint mei ynspriraasje, kennis en konkrete helpmiddels om sels oan de slach te gean mei bioferskaat. Twa wiken lang is Nes omdompele yn in wintersk bioferskaat feest.

It wienen fral de nêstkastjes dy’t wol fan ‘e hân woenen.

De opset fan de organisaasje wie û.o. om besikers yn de kunde komme te litten mei it flechtsjen fan einekuorren en se woenen graach dat der wat hannel wie. Op fersyk wienen Durk Wynia, Bonne Bruinsma en Bouwe de Groot der op klear om belangstellenden de earste kneepkes fan it flechtsjen te learen. Hjir is troch de besikers gjin gebrûk fan makke. Wol wie der brede belangstelling foar it wurk fan De Strampel en it flechtsjen yn it algemien. In fraach dy’t ek hjir faak weromkaam: hoe lang giet in koer mei?

Belangstelling foar De Strampel

It programma foar de sneons soe oant 21:00 oere duorje, mar troch it minne waar lieten de besikers it de jûns ôfwitte en waard om 19:00 oere de boel stop setten.