Winterpopulaasje wylde einen wurdt lytser

door

in

 

Grou, 10 septimber 2016.

KWETSBARE KUIKENFASE SPEELT EEND PARTEN

populatiedynamiek wilde eend

(artikel yn De Jager fan augustus 2016)

grafyk-wylde-ein

eastein (krakeend)

Basis foar it artikel is in rapport fan Sovon en it ‘Nederlands Instituut voor Ecologie’ oer de populaasjedynamyk fan de wylde ein, de eastein (krakeend) en de karein (tafeleend).

Janneke Razenberg, de skriuwster fan it artikel yn De Jager seit yn de ynlieding:

“De eindconclusie in één zin? Een nog onbekende factor speelt de wilde eend in de kwetsbare kuikenfase parten terwijl dat bij de verwante krakeend niet het geval lijkt, die neemt sterk toe. Kuifeenden en tafeleenden worden in Nederland geplaagd door voedseltekort waardoor de enorme winteraantallen zijn afgenomen”.

In pear útspraken.

karein (tafeleend)

De ôfname fan it oantal briedpearen is net te ferklearjen út klimaatferoaring, nestsukses, oerlibjen of jachtdruk. Nei alle gedachten komt de delgong troch de ôfnimmende kâns op oerlibjen yn de kwetsbere pike-faze. Razenberg mist yn it rapport in krityske blik op de nêstfaze. Se seit dat der út 60%  fan de einenêsten net ien pyk út in aai krûpt. Fan de ± 450.000 briedpearen komme 1,5 miljoen aaien net út. Sovon is it mei har iens en seit dat dit feit al langer bekend is. In grutter nêstsukses soe it ferlerngean fan piken better kompensearje. Wêr’t de bottleneck presys sit is net dúdlik. Razenberg en ekolooch Knol mei wa’t se it rapport lêzen hat, seit dat feroare gebrûk fan it lân, in tanimmende predaasjedruk en in mooglik minder geunstich oanbod fan iten de oarsaken wêze kinne.

wylde ein

Behear wâlkanten: In soad wetterkanten wurde min beheard troch tefolle meanen. Dêrtroch te min dekking foar de einen. Mar ek te min behear kin oanlieding wêze dat wâlkanten oantreklike foeraazjerûtes foar predatoaren wurde.

Predaasjedruk: It oantal predatoaren is tanaam en it areaal geskikte biotoop is lytser wurden. Sa nimt de druk ta. Ratten, agressive guozzen, foksen, reagers, seefûgels, ensafuorthinne. Wat kinne we dwaan? : Ekoloog Knol: We moeten ons dus hard maken voor biotoopverbetering, waar predatorenbeheer onderdeel van is.

It iten: Knol neamt as negatyf punt: it waar, min waar betsjut net genôch ynsekten.

Bestridingsmiddels:  it yntensyf gebrûk fan de grûn mei it ynsetten fan bestridingsmiddels spilet ek in rol.

Handje helpen. Hoe gaan we onze eenden helpen? freegje Razenberg en Knol  har ôf. Troch de habitat te ferbetterjen en troch einekuorren út te setten sizze se. Sitaat: “Hierdoor krijg je meer kuikens, waardoor de eendenpopulatie net wat meer kuikensterfte kan verdragen. Het plaatsen van broedkorven is zowel wetenschappelijk als praktisch goed onderbouwd en prima uit te voeren” seit Knol.

tûfein (kuifeend)

Wa’t it hiele rapport leze wol dy kin gean nei www.bij12.nl/assets/Populatieontwikkeling-Wilde-eend-Krakeend-Kuifeend-en-Tafeleend-in-Nederland.pdf