Wûnderbaarlike rêding

door

in

Reduzum / Grou , 29 april 2022

Lês hjir it ferhaal fan de opmerklike rêdingsaksje fan Cees van der Meulen:

Ik fytste mei in freon troch Reduzum. In pykje fleach de dyk oer. Mei in jeiende kat der efteroan. De kat ferjeie en it pykje werombringe by de mem wie it doel. Mar nearne in einemem mei piken te sjen. It pykje yn de fytstas mei nei Grou. Dêr siet in ein mei fjouwer pykjes op ’e wâl. Mei in swaai mikte ik it Reduzumer pykje rjochting it einegesintsje. Alhiel net fernuvere akseptearre it eintsje de lytse nijeling.

Links op de foto de lytse nijeling op wei nei syn pleechgesin.

Cees van der Meulen, Grou.