Wylde Ein fûgel fan it jier 2020

door

in

Grou, 20 desimber 2020

De Wylde Ein is troch Vogelbescherming Nederland en Sovon útroppen ta fûgel fan it jier 2020. Elk jier wurdt in fûgel keazen dy’t dat jier ekstra yn de belangstelling stiet. Faak is dit om’t de fûgel bysûnder is of bedrige wurdt. Dat lêste is mei de Wylde Ein noch net it gefal, mar hy giet wol alle jierren yn oantal achterút.

De Wylde Ein is sa gewoan dat wy amper yn de gaten ha dat it der de lêste jierren hieltiten minder wurde. Sûnt 1990 is al sa’n tritich persint fan de briedpopulaasje ferdwûn. Hoe kin dit? Dêr besykje ûndersikers in antwurd op te finen.

Mear ynformaasje it te finen op de webside fan Nature Today