Wylde einen projekt by fam. Rosier

door

in

Grou, 12 july 2019.

De mannen fan it eineprojekt yn Dronryp ha dit foarjier wer tige aktyf west. Sy stjoerden it folgjende ferhaal, dat oersetten is troch Yge Walsweer.

Dronryp, 8 july 2019

It iis wie dizze winter net sterk genôch om de einekuorren in plakje te jaan. Dus, mei in selsmakke flot oer it wetter nei de strampels farre.., om de einekuorren fêst te binen, in hiel karwei al mei al. We hawwe in 20-tal kuorren plak jûn, wêrfan 19 bewenne wiene mei wylde einen. Hjirnjonken ha we noch twa 4-persoans apparteminten plak jûn op eilannen; dizze wiene beset mei berch- en wylde einen, en sels 1 nest mei in nylgoas.

Jim sjogge, it iis wie net fertrouwd..!!

Fan de earste lêch is net folle op ‘e hispel kaam, de twadde lêch is goed ferrûn. Op 4 july kamen er noch 8 piken út in koer, en ferline wike noch 2 keppeltsjes fan 9 en 8 stiks. Der binne no wer in protte piken te sjen yn de lange wetterstripe, mar ek yn de omjouwing. It is no straks wer de tiid dat we de einekourren opromje kinne, en takom jier wer op ‘e nij útsette.

It earste reid foar de nije einekuorren is binnen, it rûkt sa hearlik en sjocht er goed út.

De mannen Bauke Rosier, Jaap Tjaarda, Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer wurde betanke foar de meiwurking foar it wolslagjen fan dit bysûndere eineproject.

Mei Groetnis,
Tamme Veldstra,
Johannes van der Meer,
Sander Hempenius
.