• Ein nimt hage foar kar boppe koer

    Ein nimt hage foar kar boppe koer

    Ie/Grou, 1 maaie 2025 By Enny Alting yn Ie siet ferline jier in ein op de hage te brieden. Dat moat oars, fûn Enny. Dat Enny mei har sweager op kursus by de bruorren Kooistra yn Dokkum. Grutsk sette se mei in selsmakke einekoer nei hûs. De einekoer krige plakje op in moaie strampel yn…

  • “Myn kampioensein”

    “Myn kampioensein”

    Boarnsweach/Grou, 26 april 2025. In moai berjocht fan ús foarsitter út Boansweach. “Hjir dogge we it fansels foar. Op it stuit krûpe der in protte pyken út it aai, mar dit is oant no ta myn kampioensein: 18 pykjes. Ik lit in eintsje eins noait op mear as 12 aaien briede, mar ien koer hie…

  • Fryske einekuorren yn België

    Fryske einekuorren yn België

    Grou, 24 april 2025. By De Strampel kaam in fersyk foar it leverjen fan 7 einekuorren. No is dat net fuortdaliks in feit om hjir oandacht oan te besteegjen. Wat it fersyk bysûnder makke wie dat de oanfraach út België kaam. Op dat stuit koenen we lykwols net oan de fraach foldwaan. Mar om’t ik…

  • Flechter frege foar jeugdfûgelwachtdei

    Flechter frege foar jeugdfûgelwachtdei

    Frentsjer/Grou 23 april 2025. Fan de fûgelwacht út Frentsjer kaam it folgjende fersyk. “Sneon 14 juni o.s. mei Fûgelwacht Frjentsjer de jierlikse Jeugdfûgelwachtdei organiseare, yn gearwurking mei de BFVW. Neist alle marktkreamen ha wy ek in stand mei in mollefanger en jager. Ús like it wol kompleet om hjir ek in kuorreflechter by te hawwen.”…

  • Demo mei moaie kontakten

    Demo mei moaie kontakten

    Aldeboarn, 16 april 2025. 8 april siet Cor Snoeij middeis op in bysûndere lokaasje foar in demonstraasje einekoerflechtsjen: fersoargingshûs Nij Dekema yn Weidum. “ In heech rollator- en scootmobylgehalte ûnder myn besikers”, seit Cor. “Mar in gesellige middei, en dêr gie it om.” It binne faak de moaiste demo’s, mei troch de kontakten mei de…

  • Oerdekte koer

    Oerdekte koer

    Boarnsweach, 13 april 2025. Sietse de Boer hat in skerpe blik. No seach hy oan de Pontdyk by Langwar in bysûndere einekoer. Of eins de konstruksje om de einekoer hinne. “Hjir is wer in moaie foto fan in einekoer ûnder in ôfdakje”, skriuwt hy. “De eintsjes sitte hjir echt ûnder dak en drûch. Of soe…

  • Flechter(s) frege foar merk Boalsert

    Flechter(s) frege foar merk Boalsert

    Grou, 14 april 2025. De organisaasje fan it festival ‘Better together’ freget in flechter dy’ t flechtsjen demonstrearje wol en syn produkten ferkeapje wol yn in kream. It barren is op 5 july yn it ‘Julianapark’ yn Boalsert. Sjoch struibriefke hjirûnder foar mear ynformaasje. Belangstelling? Oanmelde kin by Gerbrich Haanstra, tel. 06-43737372.

  • Promoasje tusken de belsliden

    Promoasje tusken de belsliden

    Grou, 9 april 2025. In iisstadion is no net fuortdaliks in lokaasje dêr’t men in einekoerflechter ferwachtet. Wol as taskôger, mar net yn funksje as flechter. Mar op snein 30 maart stie Bouwe de Groot út Grou mei syn hannel op it middenterrein fan iisstadion Thialf yn ’t Hearrenfean . Wylst de belsliden mei de…

  • Reddingsbrigade yn aksje

    Reddingsbrigade yn aksje

    Grou, 23 april 2025. Yn Grou hat de Fûgelwacht yn febrewaris wer in stikmannich einekuorren útsetten yn it doarp. Op echte strampels, want dat stiet wat moaier is men fan miening. En eins is dat ek wol sa. Mar as der dan in ein yn begjint te brieden, dan wurdt de koer swierder en swierder……

  • Nijsgjirrige strampels

    Nijsgjirrige strampels

    Boarnsweach 23 maart 2025. “Wêr’t in húshâldtrepke al net goed foar wêze kin”, skriuwt Sietse de Boer. “Ik sjoch somtiden kuorren hingjen op de meast frjemde strampels en plakken.” Dizze frjemde strampel seach hy oan de Haskerfjildwei op ‘e Jouwer. It brocht Sietse op it idee om mear frjemde strampels op de foto te setten…