Kuorren útsette by winterwaar

Aldeboarn/Grou, 11 febrewaris 2021

Hjoed mei myn maat efkes in lyts kuorreprojekt opset. It koe moai mei it iis in de sletten. Gatsje yn ’t iis, peal deryn en koer derop. Klear. Sa kinne de stienmurden der ek net sa makklik by.

Kleare taal fan Cor Snoeij. De kuorren steane, it teiwaar kin no foar Cor en de einen wol komme.

Datselde jildt eins ek foar Lolke van der Meer út Wergea. Yn de Leeuwarder Courant fan 12 febrewaris stiet in foto wêrop’t Lolke te sjen is mei in bile om gatten yn it iis te hakken foar de strampelstokken, dy’ t achter him al klear lizze.

afrtikel yn LC fan 12 febrewaris 20121

Der sille grif op mear plakken yn de provinsje flechters wêze dy’t de iisflier oangripe om kuorren út te setten.

Winter 2020 – 2021 (2)

Grou, 8 febrewaris 2021

Op 2 jannewaris makke ik in berjochtsje oer de einen yn Grou, dy’t rûnswimme yn it Nijdjip. Doe like winter fier fuort en de einen wiene klear foar de maitiid. No is it moandei 8 febrewaris en it is echt winter!

Sniebuien, -stoarmen soms, frieze, oerdei en nachts, in wite wrâld. En de einen? Dy moatte noch even wachtsje. De wyn malket om de huzen hinne, sniedunen waaie op.

Yn it Nijdjip leit iis, de einen sitte om in grut bit hinne. Mei-inoar in hûndert einen binne op de foto te sjen. Ik tel 66 jerken en 35 eintsjes. Ik kin der in pear neist sitte, soms is it net goed te sjen. Foar elk eintsje sitte der 1,9 jerken yn ‘e wacht. Gjin lykwicht. Spitich.

De einen rêde har wol, wurde byfuorre troch de omwenners, sitte goed yn fleis en fet. De túnfûgels fiele as der snie leit daliks de krapte. Alle dagen sitte der no soms wol sân, acht klysters yn it beamke mei sierappeltsjes.

Winter, we fine it moai dat de natuer wer even ‘gewoan’ is, even gjin praat oer ‘climate change’!

De snieskower komt foar it ljocht!

Cees van der Meulen, Grou.