Nûmer 2, juny 2021

Nijsbrief De Strampel

cropped-webside-koer-op-strampel

Fan digitaal nei fysyk

No't de koroanapandemy ôfnimt, komt it normale libben wer mear op gong. Dit hâldt yn dat der sa njonkenlytsen ek wer mear kin. Ek yn ús feriening.
It bestjoer hat foar it earst yn in jier tiid wer fysyk byinoar west; yn de tuskentiid waard der oerlein fia de digitale wei. Net it meast noflike, mar wy koenen ús der mei rêde.

As der net in fjirde koroanaweach komt, dan kinne wy yn febrewaris hooplik wer in jiergearkomste hâlde. Dat jildt ek foar de beurs, dy't krektlyk as in jiergearkomste yn in feriening as De Strampel tige wichtich is foar de ûnderlinge kontakten.

Sa stadichoan sille ek de demonstraasjes en kursussen wer losgean. De earste oanfragen binne der al wer. Hâldt de webside yn de gaten om op 'e hichte te bliuwen.
IMGP6164

Wurdt koerflechtsjen Immaterieel Erfgoed?

It bestjoer is dwaande it einekoerflechtsjen op de 'Inventaris' te krijen fan 'Immaterieel Erfgoed'. De earste stappen binne yntusken setten.

Wat is 'Immaterieel Erfgoed'?
Cultuuruitingen die door erfgoedgemeenschappen worden beleefd als erfgoed en hen een gevoel van identiteit en continuïteit geven. Dit immaterieel erfgoed wordt steeds opnieuw vormgegeven in samenhang met maatschappelijke veranderingen en in interactie met de sociale omgeving en van generatie op generatie doorgegeven.

Koartsein komt it derop del dat yn in plan fêstlein wurdt hoe't it einekoerflechtsjen fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt, sadat it einekoerflechtsjen ek yn de takomst bestean bliuwt.

Mear ynformaasje stiet op de webside fan Immaterieel Erfgoed.

DSC_0505

Reidskarje

It is wer de tiid om materiaal te sammeljen foar it it meitsjen fan kuorren.

Guon flechters ha it earste reid al snien, al giet dat net altiten fan in leien dakje. By it reid snijen yn in gebiet fan Staatsbosbeheer krige ien fan de leden besite fan mar leafst trije minsken fan dy organisaasje. Se woenen in bekeuring jaan, mar de man wist him der út te praten.

It jout mar wer oan dat men net altiten oeral samar reidskarre kin.

In oare flechter seach moai reid stean, mar doe't hy it snije soe wie de gemeente him foar west en lei alle reid ferhaksele op 'e grûn. In gefaltsje pech hawwen...

Folders

Om reklame te meitsjen foar it einekoerflechtsjen en ús feriening soe eins yn elke ferkochte koer in folder dien wurde moatte. In berjochtsje nei ien fan de bestjoersleden en wy sille der foar soargje dat de folders by jo komme. In foarbyld fan de folder is te finen op ús webside.
Op ús webside binne de lêste tiid wer ferskate berjochten pleatst. Dêr kin ek jo ferhaal stean. Dat hoecht net altiten útskreaun te wurde; as jo wat dingen trochjouwe, dan kinne wy der in ferhaal fan meitsje dat wy dan earst oan jo foarlizze foardat it publisearre wurdt. Foto's binne ek altiten wolkom.

Ha jo wat te melden, stjoer dan in e-mail nei bestjoer@de-strampel.frl of belje mei ien fan de bestjoersleden. De telefoannûmers steane op de webside.
MailPoet