Nijsbrief De Strampel

cropped-webside-koer-op-strampel
Datum: 25 maaie 2023

Kuorkedei yn septimber

Op de lêste ledegearkomste yn febrewaris is der wiidweidich praat oer it kampioenskip einekoerflechtsjen fan 2022. De leden ha doe oanjûn dat der net wer in kampioenskip mei in sjuery komme moat, mar dat der wol in ferfolch komme moat: in soarte fan kampioenskip mei allinnich in publykspriis.

Oer de namme binne wol wat suggestjes dien mar der is gjin beslút oer naam, om de leden dy't net op de gearkomste wienen ek de gelegenheid te jaan in namme te betinken. Fia in nijsbrief is de fraach foarlein om suggestjes foar in namme oan te leverjen by it bestjoer. Om't dêr gjin gebrûk fan makke is, hat it bestjoer no keazen foar de namme 'Kuorkedei', ien fan de suggestjes op de ledegearkomste.

De Kuorkedei 2023 wurdt hâlden op sneon 9 septimber op it terrein fan ielfisker Ale de Jager yn Reduzum. Skriuw dizze datum alfêst op.

Hoe sjocht sa'n kuorkedei der út?

Op it terrein steane in tal kreamkes, wylst yn de tún tusken de fruitbeammen flechters in einekoer sitte te flechtsjen. De besikers kinne dêr tuskentroch rinne en sjen hoe't de ferskillende typen kuorren makke wurde.

Flechters kinne by begjin fan de Kuorkedei in koer ynleverje. De kuorren komme op strampels te stean en de besikers kieze út de kuorren de koer dy't sy de moaiste fine. De koer mei de measte stimmen krijt de publykspriis.
Fansels hoopje we op in grutte dielname fan ús leden om sa it flechtsjen te promoaten. Leden krije noch apart berjocht wannear't en hoe't se harren opjaan kinne.

De leden ha ek oanjûn dat it evenemint op wikseljende lokaasjes hâlden wurde moat. Foar de kommende jierren komme dus ek oare lokaasjes yn 'e beneaming.

21 aaien yn in koer!

Yn de foarige Nijsbrief fan febrewaris stie in lyts stikje oer in earste aai yn in âld koer fan Durk Wynia. Nei't Durk de koer oplape hie en nei in skoftke wer by de koer seach, leinen der 21 aaien yn dêr't in ein op siet te brieden. Oan de kleur fan de aaien te sjen, wienen se fan twa einen.

Doe't Durk de koer nei goed fjouwer wike wer kontrolearde leinen der noch 9 aaien yn de âld koer, dy't yntusken brutsen wie en sawat mei de kont yn it wetter hong. Durk tinkt dat in pearke swannen de koer ek wat tatakele ha.

Nijsgjirrich makke Durk in pear aaien stikken en doe die bliken dat der wol (deade) piken yn sieten; dy hat de ein wierskynlik net waarm genôch hâlde kind.
Op de rjochter foto is te sjen dat de koer brutsen is mar dat it tou noch krekt it kontsje boppe wetter hâldt.

Yn in oare koer fan Durk leinen 17 aaien, dy binne allegear útbret. Dochs wol bysûnder.

As der mear fan soksoarte nuveraardige gefallen binne, dan hearre we dat graach.
Sjoch op ús webside foar mear ferhalen oer it flechtsjen.
Email Marketing Powered by MailPoet