Nijsbrief De Strampel

cropped-webside-koer-op-strampel
Datum: july 2022
It measte nijs fan De Strampel giet fia de webside, in pear kear yn 't jier stjoere wy in Nijsbrief mei ynformaasje.
Yn dizze Nijsbrief it lêste nijs oer it Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen en wat snypsnaren. Mear nijs is te finen op de webside www.de-strampel.frl.

Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen

Op 17 septimber sil it heve: it earste Frysk kampioenskip einekoerflechsjen. De lokaasje is it terrein fan ielfisker Ale de Jager yn Reduzum. Dêr stean de dielnimmende kuorren op strampels útstald en sil in sjuery de kuorren beoardiele. De winner krijt in moai eareteken en ieuwige roem. Ek is der in publykspriis - besikers meie harren kar op in briefke opjaan en yn in bus ynleverje.

De sjuery bestiet út Ultsje Hosper, Ids Willemsma en Fokelien van der Meulen. Ultsje Hosper is âld-direkteur fan It Fryske Gea, Ids Willemsma is byldzjend keunstner en Fokelien van der Meulen is riedslid foar it CDA yn Ljouwert.

Yntusken binne der genôch oanmeldings om it kampioenskip trochgean te litten. Mar wy hoopje fansels op noch mear dienimmers. Yn ferbân mei it tal te meitsjen strampels wolle wy graach yn 't foar witte hoefolle dielnimmers der binne. Oanmelde kin oant 1 septimber fia e-mail: bestjoer@de-strampel.frl. Flechters dy't harren al oanmeld ha, hoege dit net nochris te dwaan.

Foar eltse dielnimmer is der in strampel beskikber, sadat allinnich in koer ynlevere hoecht te wurden. De koer kin ynlevere by Binne van der Velde, De Hoarnen 4, 9218 XC De Pein (Opeinde); Durk Wynia, It String 43, Bitgummole; Cor Snoeij, P. Folkertsmaherne 29; Aldeboarn of Bonne Bruinsma. De Tichtset 11, Grou. Dit moat dan uterlik 15 septimber dien wurde.
De koer kin ek op 17 septimber foar 9:30 oere op it eveneminteterrein ynlevere wurde.
Yn alle kuorren moat in briefke mei namme en adres fan de makker sitte. Op it eveneminterrein krijt de koer in anonym nûmer dat keppele wurdt oan de namme fan de flechter.

Op it eveneminteterrein binne ferskate aktiviteiten: demonstraasje einekoerflechtsjen, demonstraasje ielrikjen, kreamkes, en der is ek in mooglikheid foar in preamrûnfeart oer It Swin by de fûken fan Ale de Jager del. De tagong is fergees en der is genôch parkearromte.
FKF_213_ILL-AdeJager01-3493947994-2

Minder wylde einen

Út ûndersyk docht bliken dat it tal wylde einen yn Nederlân achterút giet. Wichtichste oarsaak is de stjêrte fan de piken. Dat hat gefolgen foar de populaasje op langere termyn. Ûndersikers neame predaasje en te min fretten as oarsaak fan de stjêrte. Om dit better yn kaart te bringen is ferfolchûndersyk nedich.

Om ynsjoch te krijen yn it oerlibjen fan de piken, is ûnder oaren in tal jierren gebrûk makke fan de gegevens dy't troch frijwilligers sammele binne met 'kuikenteller-app'.

Lette piken en einen ferfearje

Noch hieltiten wurde der jonge einepiken sjoen. En dat wylst oare einen al oan it ferfearjen binne. Yn groepkes sitte se dan hiel stil yn it lân, meastentiids oan de râne fan it wetter. De aktiviteit by benammen de jerken is der hielendal út en se kinne allinnich noch troch de kleur fan de snavel ûnderskieden wurde fan de wyfkes. Der is sels in skoftke yn it proses fan ferfearjen (as de fleanpinnen ferfongen wurde) dat se net fleane kinne. Dan is it ek mar better om jins del te jaan.
groepke ferfearjende einen

Flaaksrûte 2022

Ek dit jier is der wer in Faaksrûte Follow the blue line yn it noarden fan Fryslân. De streek dêr't ek it flaaks foar de einekuorren weikomt.
Op ferskate plakken binne der aktiviteiten en eksposysjes. Foar mear ynformaasje kinne jo sjen op de webside fan de organisaasje: https://www.vlasroute.nl/HOME/
De lokaasjes binne noch iepen op 30 july en 6 augustus fan 10:00 oant 17:00 oere..

Is der nijs?

Ha jo ek nijs oer einen/einekuorren of wat dêr mei te krijen hat en dat ynteressant is foar de leden, dan kinne jo dit opstjoere oan bestjoer@de-strampel.frl. Wy sette dit dan op de webside. It hoecht net perfoarst in folslein útskreaun ferhaal te wêzen, wat losse sinnen en/of stekwurden mei ek. Wy meitsje der dan yn oerlis mei jo wol in ferhaal fan. It mei ek yn it Nederlânsk, as it Frysk net goed slagget.
Email Marketing Powered by MailPoet